Differinsjaasje

Mei it pakket kin differinsjaasje plakfine op learlingnivo, al neigelang har taalachtergrûn of taalmooglikheden.

STUDIO F jout materiaal op fjouwer nivo’s.

  1. Ferstean
  2. Ferstean & lêzen
  3. Ferstean, lêzen & praten
  4. Ferstean, lêzen, praten & skriuwen

It betsjut bygelyks dat op nivo 1 de skriftlike ynstruksje yn it Hollânsk is; de learling op nivo 1 kin it Frysk ommers noch net lêze en moat it earst leare te ferstean. Foar nivo 4, mei ek omtinken foar it skriuwen, is der in aparte staveringsline. Fan groep 5 ôf is der in spesjaal staveringsboekje, dêr’t stap foar stap de spesifike Fryske gefallen yn behannele wurde.

yndielingfandelessen-header

Yndieling fan de lessen

Útgongspunt is it Frysk as fak, mei de gedachte dat der ien kear yn ‘e wike ien lesoere op it roaster stiet.
Sa binne der foar elk learjier 32 lessen, ferdield oer 8 blokken fan 4 lessen.

De yndieling fan elk blok is:

Wike 1 – Yntroduksje op it tema
Troch de Fryske Skoalletelevyzje.
Dêrneist is der ek in basisboek mei bygelyks in fotokollaazje op it tema en prikkeljende stellings dêr’t de learlingen oer yn petear kinne.
De earste les rjochtet him benammen op ynteresse en ynteraksje.

Wike 2/3 – Selsstannich wurkje
De learlingen wurkje selsstannich oan de opdrachten op de wurkkaarten.
Dat kin op de fjouwer nivo’s sa’t dy hjirboppe beskreaun binne.
In Frysktalige learling bygelyks, dy’t it Frysk al ferstiet en prate kin,
sil earder gelegenheid krije om it Frysk skriuwen te learen.

De wurkkaarten ferwize nei teksten yn it basisboek, en nei ict-opdrachten of harkopdrachten op cd, computer of mooglik MP3-spiler.

Wike 4 – Presintaasje
De learlingen presintearje oan inoar wat leard en ferwurke is.
Dat binne de mienskiplike mominten dat it Frysk klinke moat en der wer in soad gelegenheid is ta ynteraksje.

materialen-header

De materialen

De materialen fan it pakket op in rychje per learjier/groep:

It basisboek
mei:

  • de yntroduksjeles
  • de basisteksten
  • de presintaasjeles.

4 wurkkaartboeken
8 tema’s x 4 nivo’s x 3 kaarten = 96 kaarten
opsplitst yn in read, blau, giel en grien boek
Yn wike 2 en 3 wurkje de bern selsstannich mei de wurkkaarten.
De bern kinne sels kieze mei hokker kaarten as se oan it wurk geane of de learkrêft kin de kaarten ferdiele.
Per les kin gemiddeld ien kaart ferwurke wurde.
De opset is dus sa dat net alle wurkkaarten troch elts bern ferwurke wurde.

Multimediaal materiaal
By elk tema binne trochinoar 2 ICT-opdrachten dy’t op ferskate wurkkaarten foarkomme.
De ICT opdrachten binne te finen op dizze webside

By elk tema binne ek lûdsfragminten dy’t op de wurkkaarten brûkt wurde.
Dizze lûdsfragminten ha ferskate foarmen.
Soms binne it gedichtsjes, soms ferhalen, soms toanielstikjes en gean sa mar troch.

By it multimedia-materiaal is sa folle as mooglik de kombinaasje makke tusken tekst, byld en lûd.

Staveringsboek
16 staveringsgefallen per learjier (oer 2x A4).

By it pakket heart ‘Wurdkastiel’ mei 14 ICT-ûnderdielen, sa as flits-, rubrisear- en ynfoloefenings.
It ûnderdiel ‘toetskastiel’ toetst de staveringsfoarderingen fan de learlingen en jout remediearjende oefeningen as dat nedich is

Skoalleradio/televyzje
Alle moannen in tv-programma foar 4/5/6 en 6/7/8 út STUDIO F wei.
De skoalleradio hat by elk tema in harkspul mei konkrete harkopdrachten.

Funksjonele ICT-tapassings
Foar alle groepen is op dizze webside in soad ynteraktive taaltapassingen te finen.
Sa is der bygelyks de kletskeamer (in chatroom), e-mailprojekten, it ynteraktive ferfolchferhaal,
it ûnderdiel Kreatyf (in romte om eigen ferhalen, gedichten en sa te pleatsen) en de stelling fan de moanne.

Hantlieding
In sa beheind mooglik hâlden boekwurk mei dêr yn de oanwizings foar de learkrêft.
Wy fine dêryn bygelyks ûnderwerpen as de ferantwurding, antwurden, ‘transfer’ en differinsjaasje.

themas-header

De tema’s

De sintrale tema’s binne:

1.    Feest
2.    Taal
3.    Natoer
4.    Tiid
5.    Technyk
6.    Keunst
7.    Omjouwing
8.    Sport

Dy tema’s komme dus alle jierren yn ferskillende farianten werom en jilde foar alle groepen. Yn elke kombinaasje binne sa mienskiplike mominten te realisearjen.
Nei twa tema’s (8 wiken) is der in refleksjewike, bygelyks om toetsen ôf te nimmen.